Studinten wenje goedkeap
Studinten binne foar in keamer it foardielichst út yn Ljouwert. Dat docht bliken út ûndersyk ûnder tolvehûndert studinten. It ûndersyk is útfierd troch troch studentenhuisvesting.nl.
Yn Amsterdam en Utrecht binne de studintekeamers it djoerst. Studinten yn Ljouwert ha ek nochris it fluchst in keamer fûn. Se hawwe yn heechút twa moanne tiid in dak boppe de holle.