Rampoefening goed ferrûn

De grutte rampoefening yn de haven fan Harns is oer it generaal goed ferrûn. Dat sei boargemaster Scheffer. Om 7 oere freedtemoarn wie sabeare in tanker mei kerosine tsjin de Koegelwieck oanfearn. Dêrby wie brân útbrutsen op 'e tanker.
Mei de oefening wol it ministearje fan Ynlânske Saken sjen hoe't gemeenten mei in grutte ramp omgean. De oefening hat twa-in-heal oere duorre. Der diene goed hûndert minsken oan mei.