'Appelskea moaiste fan Nederlân'

15 des 2006 - 13:01

Nederlanners fine it lânskip om Appelskea hinne it moaiste fan Nederlân. Dat docht bliken út ûnderysk fan wittenskipsburo Alterra út Wageningen.

Op ynternet koene minsken oanjaan wat foar har it meast ideale lânskip is. Appelskea komt dêr it tichtst by yn de buert. Ek de Waadeilannen dogge it goed. Minsken stelle benammen de ôfwikseling dêr op priis. Ljouwert docht it net sa goed.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)