Bou handikaptekompleks fan start

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert it tongersdei de bou fan in appartemintekompleks foar lichaamlik handikapten fan start gien. Der is plak foar 23 bewenners. It kompleks is fan wenningkorporaasje Woonbedrijf. Soarchynstelling Noorderbrug hiert it fan it bedriuw.
De handikapten wenje no noch op trije ferskate plakken yn Ljouwert. Faak binne dat wengroepen. It nije kompleks kin 24 oeren deis soarch biede. It gebou moat oer in jier klear wêze.