Wurkleazens Fryslân sakket hurd
De wurkleazens yn Fryslân is dit jier fan it hiele Noarden it meast nei ûnderen gong. Der binne yn de provinsje 17,6 persint minder wurkleazen en dêrmei komt it totaal op goed 23.800.
It wurkleazenspersintaazje yn Fryslân leit no op 8,4 persint. Yn hiel Noard-Nederlân is dat 9,5 persint.