Noardwesten: gjin bibliobus mear

15 des 2006 - 10:21

De bibliobus yn Noardwest-Fryslân hâldt ein dit jier op. De gemeente Frjentsjerteradiel wol der gjin jild yn stekke. Troch besunigings moasten de biblioteken yn de doarpen al ticht. Mar mei 25.000 euro subsydzje koe de bibliobus noch riden bliuwe.

De riedsleden fine in biblioteek wol wichtich. Dan moat der mear gearwurke wurde mei skoallen of doarpshuzen. De biblioteek moat dat sels betelje, mar dat is ûnmooglik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)