Mishannelers Foarstreek oppakt

De plysje hat sân fertochten (16-21 jier) oanhâlden foar swiere mishanneling fan in frou (23) en in man (25) út Ljouwert. Ein oktober waarden se op de Foarstreek yn Ljouwert skopt en slein troch in groep jongeren. Se skopten tsjin rollûken en konteners en de twa seinen dêr wat fan. De plysje wurket mei fjouwer resjersjeurs wurkje oan de saak. In haadfertochte (16) is foarlaat oan de rjochter-kommissaris.