Gjin âldjiersfeest Teater Romein

14 des 2006 - 16:20

Yn Ljouwert is dit jier gjin grut âldjiersfeest. Earst waard de Waarme Winternacht yn it WTC_Expo ôfsein. No is ek de stekker út it feest Pimps en Ho's yn Teater_Romein lutsen.

De organisaasje krijt in fergunning oant twa oere nachts. Foar in âldjiersfeest is dat gjin slutingstiid fynt de organisaasje en dus ha se it feest ôfsein. Te gau, neffens de gemeente, want der hie noch wol oer in oare tiid te praten west.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)