2 jier sel easke foar fraude

Tsjin in 54-jierrige ynwenner fan Frjentsjer is tongersdei twa jier sel easke wêrfan't acht moanne ûnder betingst wegens fraude. De man wurdt derfan fertocht dat hy as akkountant sa'n 7 ton achteroerdrukt hat.
Hy wie direkteur fan it akkountants- kantoor AVM yn Frjentsjer. Hy soe dy funksje misbrûkt hawwe om jild fan klanten op syn eigen rekken te stoarten. Ek hat er de Rotaryklup foar hûnderten euro's oplichte.