Kontrakt mei ferfiersbedriuw

14 des 2006 - 14:21

Skarsterlân hat in kontrakt ôfsletten mei ferfiersbedriuw Oenema op It Hearrenfean. It bedriuw sil by in ramp ynset wurde by de evakuaasje fan ynwenners. Ek guod kin ferfierd wurde, bygelyks út it museum Joure. Dat guod sil dan opslein wurde by Oenema.

De gemeente Skarsterlân wol de kommende tiid mei noch mear bedriuwen kontrakten ôfslute. Gemeenten binne dêrta ferplichte op grûn fan de Wet Rampen en Zware Ongelukken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)