Gjin reklame mear by grutte dyk

Grutte reklamebuorden oan de diken yn Fryslân binne tenei ferbean. De Steaten stimden woansdei yn mei in útstel fan de ChristenUnie SGP. De partij fynt dat de reklamebuorden it lânskip ferrommelje en de oandacht fan 'e dyk ôfliede.
It giet om alle nije buorden by de sneldyk del. Oare foarmen fan reklame oan de diken moatte ek beheind bliuwe. De maatregel giet fuortendaliks yn.