Krystdrokte by Betheltsjerke
De Betheltsjerke yn Drachten ferwachtet de kommende Krystdagen 12.000 besikers. Der wurde seis spesjale fierings hâlden. It eigen parkearterrein kin net brûkt wurde om't dêr in libbene Kryststâl stiet. Yn oerlis mei de gemeente mei de tsjerke gebrûk meitsje fan in grut parkearterrein op De Haven.
Der binne acht bussen ynhierd om de minsken fan de auto nei de tsjerke en werom te bringen.