Ofhanneling regels makliker

© Omrop Fryslân
Om it foar frijwilligersorganisaasjes yn Eaststellingwerf makliker te meitsjen om by de gemeente bygelyks in fergunning oan te freegjen, begjint der in proefprojekt om dit soart saken gau ôf te hanneljen. It projekt Al die regels wurdt dien yn_de_mande_mei de stifting Partoer.
Doel fan it projekt is om de tsjinstferliening te ferbetterjen, sadat ek de administrative lêsten flink omleech geane.