Streekplan ferbiedt kearnôffal

13 des 2006 - 14:07

Yn it Streekplan wurdt dochs de opslach fan kearnôffal ferbean. It CDA hat in moasje om dat ta te stean, ynlutsen. Dêrmei rint de provinsje it risiko dat it ministearje fan VROM it streekplan ôfkart, want oer saken as de festiging fan in kearnsintrale of de opslach fan radio-aktyf ôffal hat de provinsje neat te sizzen.

It CDA woe it ferbod op de opslach fan kearnôffal ferline wike skrasse, mar de oare fraksjes hâlde der oan fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)