Boete foar ballestellerij

13 des 2006 - 12:53

In ynwenner fan Rûgehûzen (43) hat ûnder betingst 250 euro boete krigen om't er tsientallen ballen fan de fuotbalklub yn Balk achterhâlden hat. De man wennet neist it trainingsfjild en woe de ballen dy't by him op it hiem kamen net weromjaan. De kwestje spilet al sûnt 1998 doe't de man dêr te wenjen kaam.

De man hie ôfspraken mei de club, mar om't dy net neikommen waarden, wegeret er de ballen werom te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)