Opfolger Lyklema moat ferbine

De nije boargemaster fan Achtkarspelen moat in binende faktor wêze en in netwurker. Dat stelt de gemeenterie yn de profylskets. Dy waard tiisdei yn it bywêzen fan kommissaris Nijpels bepraat. Oft de nije boargemaster in man of frou is makket de gemeenterie net út, krekt as de politike kleur.
Maart takom jier moat dúdlik wêze wa't de opfolger fan boargemaster Lyklema wurdt. Dy nimt yn maaie ôfskie.