Grutte 'dino' yn Ljouwert

It Frysk Natuermuseum yn Ljouwert krijt in replika fan in 125 miljoen jier âlde dino. Fan jannewaris ôf is it skelet fan de brachiosaurus te sjen. It is ien van de grutste bisten dy't ea op de wrald libbe hat.
De replika út Portugal is in moanne lang te sjen in Ljouwert. Dêrnei giet it nei syn definitive plak yn it Oertijdmuseum yn Boxtel. It skelet is 12 meter heech, 23 meter lang en weaget sa'n 30.000 oant 50.000 kilo.