Dochs stakingsfergoeding Arriva

Bussjauffeurs fan Arriva dy't op 27 septimber fan dit jier meidiene oan in wylde staking, krije dochs noch in finansjele fergoeding fan 'e FNV. De UR hie oproppen ta wurkoerlis oer de wurktiden. Dat duorre fan 7 oere oant 9 oere moarns.
Mar dêrnei gongen de sjauffeurs net oant wurk, omdat Arriva dy twa oeren net betelje woe. It haadbestjoer fan 'e FNV beslút noch dochs ta in fergoeding.