Plan foar Rêchsekje Taal

© Omrop Fryslân
FNP, CDA en PvdA sille yn de Steaten in inisjatyfútstel Rêchsekje Taal ynbringe. Dat moat takom jier yngean. Alden moatte dan in echt rêchsekje krije as se de bern op it gemeentehûs oanjouwe. Dat kin helpe by it meartalich grutbringen fan bern.
Fierder moatte nije ynwenners fan Fryslân in wolkomstpakket krije. Dêr sit ynformaasje yn oer saken dy't foar harren yn Fryslân wichtich binne.