Man omkommen by auto-ûngelok
In 51-jierrige man út Easterstreek is moandeitejûn omkommen by in iensidich ûngelok yn Steggerda. De man ried yn in flauwe bocht op 'e Steggerdawei rjochttroch en botste mei syn auto tsjin in beam.
Ambulânse en brânwacht wiene te plak, mar de man is op it plak fan it ûngefal oan syn ferwûnings ferstoarn. De plysje stelt in ûndersyk yn.