Kosten seedyk foar Wetterskip

It wetterskip Fryslân draait sels op foar de kosten fan it opknappen fan it stik seedyk tusken Swarte Haan en Westhoek. It giet om in bedrach fan ûngefear acht miljoen euro.
Der moast nij asfalt op de seedyk komme om't de boppelaach ûnferwachts losliet. It wetterskip fynt dat it ryk meibetelje moat. Mar it ministearje fan ferkear en wettersteat hat dat fersyk hjoed ôfwiisd.