Haensmûne komt op De Burd

© Omrop Fryslân
De Haensmûne krijt in nij plakje op De Burd, by Grou. De mûne waard yn 2004 by de Pikmar troch in frachtskip omfearn. De mûne rekke dêrby bot skansearre.
It buro plattelânsprojekten fan de provinsje hat no twa ton byinoar brocht om de mûne yn âlde steat werom te bringen. Om foar te kommen dat der wer in skip tsjinoan fart, komt de mûne no op eilân de Burd. It doel is dat de Haensmûne takom jier wer draait.