Heal miljoen nedich foar tsjerke
Foar de folsleine restauraasje fan it tsjerkje yn Teridzert is hast in heal miljoen euro nedich. It 600 jier âlde tsjerkje, dat al tritich jier net mear brûkt wurdt foar tsjinsten, is slim fertutearzge. De feriening Alde Fryske Tsjerken siket earst jild om it dak te meitsjen. Nei de restauraasje soe de tsjerke in iepenbiere funksje krije moatte.