Prager tekent twa jier by

© Omrop Fryslân
Middenfjilder Thomas Prager fan SC Hearrenfean hat syn kontrakt my twa jier ferlinge. De 21-jierige Eastenriker hie in kontrakt oant 2008. Hy hat no bytekene oant de simmer fan 2010.
Prager kaam de lêste moannen net yn aksje fanwege in blessuerre. Ofrûne freed tsjin Roda JC die hy foar it earst wer mei. De middenfjilder kaam op syn fyftjinde nei it Hearrenfean en stie yn febrewaris 2005 foar it earst yn 'e basis.