'Drachtsterbrêge moat feiliger'

11 des 2006 - 12:03

De Ljouwerter CDA-fraksje makket him tige soargen oer de feiligens fan fytsers op de Drachtsterbrêge. Ferline wike noch kaam in famke fan alve hast ûnder in frachtauto doe't se op de brêge oanriden waard troch in scooter. It famke foel en kaam op de rydbaan. It CDA wiist derop dat it fytspaad en de rydbaan op de Drachtsterbrêge hiel smel binne. It CDA wol fan B en W witte oft it wat dwaan sil oan de gefaarlike situaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)