Gjin Frysk jild foar beverrôt

Fryslân wol net meibetelje oan de bestriding fan de beverrôt. It bist is hjir noch net aktyf, mar rjochtet wol in soad skea oan yn oare provinsjes. Dy ha Fryslân frege om by te springen, mar deputearre Bijman wol dat net.
De opstelling hat te krijen mei de wegering fan oare provinsjes yn it ferline om Fryslân te helpen mei de bestriding fan de muskusrôt. Ek fynt Bijman sok wurk in taak fan Ryk en Wetterskip.