Nij Arrivatrein yntrodusearre

Yn Harns is moandeitemoarn de earste nije Arriva-trein offisjeel yntrodusearre yn Fryslân. Dat barde op it stasjon Harns Haven troch deputearre Baas en regiomanager Cnossen fan Arriva.
De yntroduksje wie in bysûnder momint en net allinich fanwege de trein sels. Snein waard ek de nije tsjinstregeling foar alle treinen en bussen ynfierd. Moandei is de earste echte test mei in soad reizgers.