Groeneveld listlûker GrienLinks

11 des 2006 - 10:22

De 40-jierrige Irona Groeneveld fan Burgum is listlûker wurden foar GrienLinks by de steateferkiezings yn maart 2007. Sy is sneon unanym keazen troch de leden. Nûmer twa is Theo van der Bles, dy't no noch listlûker is.

Oer de kandidatuer fan de nûmers 3 oant en mei 8 ûntstie noch wat diskusje. Ald-riedslid Van der Honing wie en bliuwt nûmer trije. Roel Havekort wie allinnich beskikber foar plak trije en hat him no weromlutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)