Auto fernield troch fjoerwurk

11 des 2006 - 10:15

De auto fan in 34-jierrige ynwenster fan Hylpen is yn de nacht fan sneon op snein fernield troch fjoerwurk. De auto fan de frou stie parkeard yn de Keilerstrjitte yn Hylpen.

Midden yn de nacht hearde de frou in knal. Doe't se de oare dei by de auto seach, die bliken dat der in protte skea wie oan de linkerkant fan de auto. Nei alle gedachten is der in swier stik fjoerwurk foar it foarste tsjil fan de auto lein en oanstutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)