Nije Arriva trein yn gebrûk naam

© Omrop Fryslân
Yn Hârns is moandeitemoarn betiid de earste nije Arriva trein offisjeel yn gebrûk naam yn Fryslân.
Dat gebeurde op it stasjon Harnser Haven troch deputearre Ton Baas en regiomanager Trein André Cnossen fan Arriva. In bysûnder momint en net allinich fanwege de trein. Juster is nammentlik de tsjinstreegling foar alle treinen- en dus ek bussen feroarre. En moandei is de earste echte test mei in soad reizgers.