Lykspul foar haadklasser Snits

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser Snits hat de útwedstriid tsjin Achilles '29 mei 0-0 lykspile. Beide ploegen giene foar in oerwinning en makken der in aardige wedstriid fan. Sa skeat Achilles '29 trije kear op de peal en krige Martin van der Meulen fan Snits yn de blessueretiid dé kans op 0-1. Hy kaam allinnich op de keeper ôf mar slagge der net yn te skoaren.
De wedstriid tusken De Jouwer en De Treffers waard ôflast.