Fjoerwurk ôfstutsen yn auto

© Omrop Fryslân
De plysje siket mooglike tsjûgen fan fernieling fan in auto oan de Lanen yn Harns. Sneintemoarn om 04.00 oere hinne ha ûnbekenden fjoerwurk yn de auto ôfstutsen, dy't dêrtroch swier skansearre rekke.
It giet om in wite Ford Escort. Ek oare auto's rûnen troch rûnfleanend glês skea op. Eventuele tsjûgen kinne belje mei de plysje op telefoannûmer 0900 - 8844.