Oanhâlding nei fjochtpartij

10 des 2006 - 14:57

In 16-jierrige ynwenner fan Twizelerheide is sneintemoarn oanhâlden troch de plysje. Dat barde op de Alde Kommisjewei yn Noardburgum. De jonge wurdt fertocht fan belutsenens by in fjochtpartij tusken twa groepen jongeren.

De oanlieding fan de fjochtpartij is ûnbekend, mar twa ynwenners fan Burgum (25 en 21 jier) waarden dêrby skopt en slein. Beide ha oanjefte dien. De fertochte is ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)