Aris ferliest fan Den Bosch

10 des 2006 - 14:36

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn mei 101-82 ferlern fan Den Bosch. Aris stie de hiele wedstriid op efterstân. Nei it twadde kwart wie de stân 46-40 foar Den Bosch. Yn de lêste twa kwarten rûn de thúsploech fuort by Aris. Topskutter oan de kant fan de Ljouwters waard Lawrance Hamm mei 21 punten.

Aris stiet no op it sande plak mei 12 punten út 14 wedstriden. Woansdei spylje de Ljouwters thús tsjin Weert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)