Priisfraach nije namme MFC

© Omrop Fryslân
De gemeente Eaststellingwerf skriuwt in priisfraach út om oan in namme te kommen foar it multyfunksjoneel skoalkompleks fan Waskemar.
De betinker fan de moaiste namme krijt in priis dy't by de start fan de bou útrikt wurdt. Dat is yn jannewaris of febrewaris takom jier. De sjuery bestiet út fertsjintwurdigers fan skoallen, it pjutteboartersplak en de gemeente. Yn it kompleks komme twa basisskoallen en in pjutteboartersplak.