Houtferwaarming by Revalidaasje

© Omrop Fryslân
De gebouwen fan Revalidaasje Fryslân yn Beetstersweach wurde yn de takomst mooglik ferwaarme troch in houtferbaarnings-ynstallaasje. De Agrarische Natuurvereniging De Alde Delte freget de gemeente Opsterlân om mei te wurkjen oan de bou fan sa'n ynstallaasje en in houtopslach.
B&W binne ree om mei te wurkjen. Neffens de gemeente is in houtferbaarnings-ynstallaasje goed foar it miljeu.