Ynspraak oer wentebou Drylts

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Drylts meie har op 19 desimber útsprekke oer wentebou yn de stêd. De gemeente organisearret dan in ynformaasjejûn. It buro Bügel Hajema presintearret dan in oantal mooglike útwreidingslokaasjes.
De gemeenteried fan Wymbritseradiel nimt ynkoarten in beslút oer wentebou yn Drylts. De gemeente hat foaral ferlet fan wenten foar starters en senioaren.