Gelykspul by Cambuur-MVV

10 des 2006 - 08:06

Cambuur Ljouwert hat sneontejûn yn eigen stadion gelyk spile tsjin MVV, it waard 1-1. MVV stie by de rêst noch foar troch in doelpunt fan Harrie Gommans. Nei de rêst wie it Jeroen Ketting dy't Cambuur ferlies besparre, hy skoarde út in strafskop.

Sawol Cambuur as MVV bliuwe yn de ûnderste helte fan de Jupiler League.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)