Brêge neamd nei ierdewurkfabryk

De brêge oer de Boalserterfeart yn Harns hjit tenei Van Hulstbrêege. De brêge is neamd nei it ierdewurkfabrykje dat oant 1933 op it plak fan de brêge stie. It fabryk wie eigendom fan de famylje Van Hulst.
Wethâlder Waaijer en twa leden fan de famylje Van Hulst ûntbleaten it nammeboerd fan de brêge sneontemiddei. It ierdewurkfabryk wie doedestiids tige wichtich foar Harns.