Jild foar boarterstastel Skier

21 mrt 2012 - 15:45

De bernebuorkerij fan Skiermûntseach krijt in bydrage fan goed 40.000 euro út de pot foar plattelânsprojekten. It jild is foar nije boarterstastellen. Ut ûndersyk ûnder bewenners en toeristen hat bliken dien dat der ferlet is fan tastellen foar jonge en âldere bern. De boarterstastellen binne fral foar de jongere bern, foar de âldere jeugd komt der in fuotbalkoai. Tagelyk wurde ek de hokken fan de bisten oanpakt.

Trefwurden: 
Skiermûntseach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)