Lykspul foar ONS

09 des 2006 - 16:39

De fuotbalwedstriid tusken Flevo Boys en ONS Snits is sneon yn 1-1 einige. Flevo Boys stie mei rêst mei 1-0 foar. Albert Jan van Zwol wist krekt foar tiid mei in treffer in punt te rêden foar de Snitsers.

De oare Fryske klub yn de sneonshaadklasse, Harkemase Boys, hoechde net te spyljen. De wedstriid tsjin Urk waard ôflast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)