Accra-fytsers wer thús

De fjirtjin fytsers dy't fan Boalsert nei Accra yn Ghana fytst binne foar in goed doel, binne sneon wer oankaam op Skiphol. Nei njoggentich dagen op de fyts begûn sneon it lêste stikje fan de reis, mei de auto nei hûs ta.
Famylje en freonen wiene bliid de fytsers wer te sjen, nei mear as trije moanne. De groep hat 158.000 euro byinoar fytst. Dat bedrach wurdt ferdûbele troch Wilde Ganzen Icco. Fan it jild wurde skoallen boud.