Ferwûne by oanriding mei trekker

09 des 2006 - 14:25
Foto: Omrop Fryslân

In 29-jierrige man út Drachten is freed ferwûne rekke by in oanriding yn Haulerwyk. De man helle yn syn auto in oar yn, doe't der fan de oare kant in trekker oan kaam.

De Drachtster botste boppe op de trekker en rekke ferwûne. Hy is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. De bestjoerder fan de trekker kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)