Trije Jopie Huismans te keap
Trije bysûndere wurken fan keunstner Jopie Huisman binne op it stuit te keap. By feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts kinne leafhawwers de akwarellen besjen. Ea ferkocht foar twa gûne fyftich, no moatte se tûzenen euro's opbringe.
De trije wurken fan Jopie Huisman binne it hiele wykein te sjen. Moandei wurde se ferkocht oan de heechste bieder.