Goedkeap ferfier mei Flexitax

08 des 2006 - 15:52

Ynwenners fan Snits, Bûtenpost, Ljouwert en Frjentsjer kinne sûnt freedtemiddei goedkeaper mei de taksy nei it treinstasjon brocht wurde. Yn de taksysintrale oan de Marshallwei yn Ljouwert wie freed it startsein foar in proef mei sok goedkeap ferfier.

Dat ferfier wurdt dien ûnder de namme 'flexitax'. De ritten binne folle goedkeaper as oars, omdat Arriva der wat subsydzje op jout. Arriva wol sa mear minsken yn de treinen krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)