Fiif prosint Friezen siket help

© Omrop Fryslân
Fiif persint fan de ynwenners fan Fryslân hat yn 2005 op ien of oare wize psychyske help socht. Dat docht bliken út in register wêryn't alle gegevens sammele wurde fan de geastlike sûnenssoarch-ynstellings yn Noard-Nederlân.
Ut de registraasje docht fierder bliken dat de omfang fan de geastlike soarch yn de ôfrûne 15 jier mei sawat 60 persint tanommen is.