Stienmarter fret troch hûs hinne

08 des 2006 - 13:36

It sil je mar gebeure. Sit je krekt yn je nije hûs, docht bliken dat beestjes troch je hiele hûs hinne frette. By keatser Rutmer van der Meer, syn freondinne Doete Terpstra en soantsje Ferry is it in wiere nachtmerje.

It bistje, de beskerme stienmarter, fret troch alle muorren fan it hûs yn Sint Jabik hinne en lit in freeslike stank achter. It gesin wennet sûnt september 2005 yn it hûs. Alle trije binne se it lêste jier faak siik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)