Ponderosa Dokkum 4 oere ticht

08 des 2006 - 10:38

Diskoteek Ponderosa yn Dokkum mei op de nije lokaasje oan de rûnwei net oant seis oere moarns iepen wêze. Dat hat de riedskommisje Middelen en Algemiene Saken fan Dongeradiel tongersdeitejûn witte litten.

Lykas de oare hoareka yn Dokkum jildt ek foar de nije Ponderosa fjouwer oere as slutingstiid. De Ponderosa sit no yn de binnenstêd. Meikoarten wurdt de boufergunning ferwachte en dan kin de nije diskoteek der ein 2007 stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)