Alde kranten foar Skierstins

07 des 2006 - 23:09

Kultureel besikerssintrum Skierstins yn Feanwâlden hat der trije nije pronkstikken by. It giet om trije siden fan in âlde Ljouwerter Krante út 1820.

By in restauraasje yn de jierren 60 ûntduts in timmerman de krante doe't hy in âlde balke keal helle. No, 40 jier letter, hat de man it stikje histoarje oan it besikerssintrum werom jûn. Belangstellenden kinne de stikjes krante besjen

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)