Trochstart Trion Westerein

Der komt in trochstart foar de Trion-festiging yn de Westerein. Twa meiwurkers nimme de wurkpleats oer. It wurdt in nij selstannich bedriuw mei de namme LSV.
Dizze simmer waard bekend dat sosjale wurkfoarsjenning Trion de ôfdielingen hout- en bou yn de Westerein en Driesum slúte moast. De 50 meiwurkers soene by oare bedriuwen ûnderbrocht wurde. Foar de measten is dat no net mear nêdich.